Fit Mei Femke

Wike 13 - Training 1

Informações:

Sinopsis

Training 1  20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje De wike fan de wierheid. It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Noch in oantal tips foar snein: • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje. • Soargje derfoar datst genôch drinkst. • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en -skuon klear. • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei. • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up. • Kom op tiid! Soargje datst om 13.30 oere op it terrein fan de Elektrisiteitssintrale yn Burgum bi