Fit Mei Femke

Wike 12 - Training 1

Informações:

Sinopsis

Training 1 35 minuten hurdrinne Jaring de Groot: "Tips om troch te setten" De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed. Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje. Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne