Fit Mei Femke

Wike 11 - Training 2

Informações:

Sinopsis

Training 2 2 x 15 minuten hurdrinne, tuskentroch 3 minuten (Dizze wike mar twa trainingen fan ús kant. Ast wolst, kinst fansels altyd wat kuierje, fytse of swimme.) Coach Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop Noch in pear wike en dan stiest oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Dyn earste offisjele hurdrinwedstriid. Best wol spannend, mar sjoch it foaral as in útdaging datst hjir oan mei dwaan meist. Hjirby in pear oandachtspunten dy't wy dy no al mei jaan wolle. • Sjoch al ris efkes op de lokaasje dêr't it evenemint holden wurdt (Elektrisiteitssintrale Burgum, Koumarwei 2). Sa krigest in bytsje in idee wat it is. Kinst ek op de site www.burgumrun.nl sjen. Dêr stiet ek fan alles op by 'foto/video' fan de ôfrûne acht jier. • Sjoch ek ris op de site www.burgumrun.nl foar de rûte yn Google Maps. En sa mooglik kinst de rûte yn it foar ek al fytse! • Tink al fêst nei hoe de wedstriid oer 5 km ferrinne moat. Hast no hiel wat trainingen hân. Wurdt it